CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Wurket CoronaMelder ek op myn telefoan?

De app wurket yn it Frysk allinne op Android tastellen dy’t Frysk as systeemtaal stypje. Do kinst Frysk as taal foar dy tastellen yn de ynstellingen fan Android ynstelle. iPhones stypje Frysk as systeemtaal spitigernôch net.

De Nederlânske ferzje fan de app wurket op 98% fan alle telefoans.

Android: CoronaMelder wurket op de measte Android-telefoans mei fersy 6 of nijer.

iPhone: Oant koartby wurke CoronaMelder allinne op Apple iPhones mei it bestjoeringssysteem iOS 13.5 of nijer. iOS 13.5 kin ynstallearre wurde op de iPhone 6s, iPhone SE en nijer. Goed nijs: fan 25 febrewaris ôf is de CoronaMelder-app no ek beskikber op Apple iPhone 5S en 6. Om de CoronaMelder-app ynstallearje te kinnen, moatst dyn iPhone 5S en 6 wol update nei bestjoeringssysteem iOS 12.5.

Apple en Google hawwe harren bestjoeringssystemen oanpast sadat CoronaMelder wurkje kin mei Bluetooth Low Energy, wêrtroch’t de CoronaMelder mar in bytsje stroom brûkt.