CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoe wurket de app?

De app stjoert dy in berjocht ast in skoftke yn de buert west hast fan immen dy’t besmet is mei it koroanafirus. Wolst witte ofst ek besmet bist, dan kinst dy fergees teste litte. Sa foarkomst datsto it firus ûnbewust op oaren oerdraachst.

  1. De app sjocht fia bluetooth ofst ticht by immen west hast dy’t de app ek hat.
  2. Hoe sterker it sinjaal, hoe tichterby ast wiest.
  3. De app wurket sûnder dyn lokaasje, namme, mailadres, telefoannûmer of oare kontaktgegevens. De app wit net wa’tsto bist, wa de oar is of wêr’t jimme west hawwe.
  4. Ast yn de buert west hast fan immen mei it koroanafirus, dy’t de app ek hat, dan krigest letter in melding fan de app.
  5. Ast sels it koroanafirus krigest, kinst dat (frijwillich) yn de app witte litte. Dan warskôget de app de minsken dêr’tsto kontakt mei hân hast. Yn de melding stiet allinne mar wannear’t sy yn de buert west hawwe fan in besmet persoan. Net wa’t dat is en wêr’t sy dy persoan tsjin kommen binne.