Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Wat moat ik dwaan as ik in melding krij?

Ast in melding krigest, hast tichteby immen west dy’t letter koroana bliek te hawwen. Reitsje dan net yn panyk: it is net wis datsto dan ek koroana hast. Do hast ekstra kâns rûn op besmetting: mooglik hast koroana.

Ast besmet bist, kinst it firus ek oan oaren trochjaan. As út in melding yn de CoronaMelder-app bliken docht datst yn de buert west hast fan in besmette persoan, bliuw dan thús en lit dy op dei 5 of dêrnei teste. Ek ast (noch) gjin klachten hast. Alle ynformaasje dêrfoar stiet yn de tekst fan de melding.

Do hoechst dy net teste te litten en thús te bliuwen ast: 

Belje 0800-1202 of gean nei coronatest.nl om fergees in koroanatest oan te freegjen.