CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Hoe helpt de app tsjin koroana?

Hoe helpt de app tsjin koroana?

Noch foardatst dy siik fielst, kinst koroana oan in oar trochjaan. Hoe flugger bekend is oft immen koroana hat, hoe better besmettings tefoaren kommen wurde kinne. CoronaMelder helpt dêrby.

Bliuw dêrom thús oant 10 dagen nei de datum fan it kontakt mei in besmette persoan. Sa foarkomst datst bygelyks dyn pake en beppe of heit en mem besmetst. Of datst it firus ferspriedst op in drok plak, lykas de merk of in sportevenemint.

Hast klachten, binnen dy 10 dagen of dêrnei? Belje 0800-1202 of gean nei coronatest.nl om fergees in koroanatest oan te freegjen.