Taal: Frysk
CoronaMelder
Logo CoronaMelder app

Is de app ferplichte?

Nee, do bepaalst sels oftst de app brûkst. Do bist folslein frij yn dyn kar om de app al of net te brûken. Net ien mei dy dus ferplichtsje om de app te brûken. Dus ek dyn wurkjouwer of in útgeansgelegenheid net.

Yn ‘e Appwet is fêstlein dat net ien in oar ferplichtsje kin om de app del te heljen of te brûken. Net ien mei dêrop oanstean: gjin wurkjouwer, útgeansgelegenheid, famyljelid, kunde of freon. Do bist folslein frij om te kiezen oftst dyn KoroanaMelder delhelje en brûke wolst.

Ferplichtet immen dy om KoroanaMelder del te heljen?

Meld dat by it Meldpunt Misbrûk KoroanaMelder fia tillefoannûmer: 088-1205 100(lokaal taryf)

Iepeningstiden:

Moandei o/m freed 9.00 - 17.00 oere