Logo CoronaMelder app

KoroanaMelder
wurdt tydlik stopset

De KoroanaMelder-app wurdt fan 22 april 2022 ôf tydlik stopset

Alles is wer iepen. Dat ha we mei-inoar berikt. Der jilde noch guon koroanamaatregels en advizen (Nederlânsk), mar in protte maatregels binne ôfskaft. Sa hoechst net mear thús te bliuwen wannear’tst deunby immen mei koroana west hast. En de measte lju hoege nei in positive selstest net mear nei de GGD foar in befêstigingstest.

Dêrtroch is it nut fan de KoroanaMelder-app op dit stuit bot minder wurden en wurdt de app fan 22 april 2022 ôf tydlik stopset.

Troch it ophâlden wikselet de app gjin (anonime) gegevens mear út mei oare KoroanaMelder-brûkers. Der wurde ek gjin gegevens mear dield mei notifikaasje-apps út oare lannen.

Mocht yn de takomst in nije fariant fan it koroanafirus opkomme wêrby’t it nedich is om minsken warskôgje te kinnen, dan kin CoronaMelder wer aktivearre wurde.

Mear witte oer it effekt dat KoroanaMelder hân hat? Besjoch de statistiken (Nederlânsk).

Faakstelde fragen

Besjoch alle faakstelde fragen