Logo CoronaMelder app

Foarkom fersprieding,
download CoronaMelder

Tink derom: De app wurket yn it Frysk allinne op Android tastellen dy’t Frysk as systeemtaal stypje. Do kinst Frysk as taal foar dy tastellen yn de ynstellingen fan Android ynstelle. iPhones stypje Frysk as systeemtaal spitigernôch net. Yn de oare talen kin yn de Appstore hjir de app wol delhelle wurde.

It koroanafirus is der noch altyd. Dus is it wichtich om krekt no wach te bliuwen. Dêrom is CoronaMelder no foar hiel Nederlân te brûken. Op 23 november hiene 4.072.242 minsken de app delladen.

Wêrom is de app wichtich? Help de fersprieding fan it koroanafirus te kearen

CoronaMelder warskôget dy neidatst yn de buert west hast fan immen mei koroana. Sa kinst tefoaren komme datst de minsken om dy hinne ûnbewust besmetst. It delheljen fan de app is altyd frijwillich.

Hoe wurket it? Do krigest in melding neidatst ekstra kâns op besmetting rûn hast.

De app stjoert in melding ast op syn minst 15 minuten ticht by immen west hast dy’t letter koroana bliek te hawwen. Dy persoan moat ek de app brûke.

Hoe wurket it? CoronaMelder brûkt bluetooth, gjin lokaasjegegevens

De app sjocht fia bluetooth ast ticht by immen wiest. Hoe tichter by hoe sterker it bluetoothsinjaal. De app wit net wêr’tst west hast en wa’tst bist.

Foarbyld Fytst immen foarby? Dat krigest letter gjin melding

It bluetoothsinjaal wie sterk genôch omdat jimme ticht byinoar wiene. Dat wie allinne sa koart dat de kâns op besmetting hiel lyts is.

Foarbyld Siest ticht by immen yn de bioskoop? Dan kinst letter wol in melding krije

It bluetoothsinjaal wie sterk genôch en jimme wiene in langer skoft ticht byinoar yn ‘e buert.

Download de CoronaMelder-app:

Tink derom: De app wurket yn it Frysk allinne op Android tastellen dy’t Frysk as systeemtaal stypje. Do kinst Frysk as taal foar dy tastellen yn de ynstellingen fan Android ynstelle. iPhones stypje Frysk as systeemtaal spitigernôch net. Yn de oare talen kin yn de Appstore hjir de app wol delhelle wurde.

Sa geane wy mei dyn gegevens om:

Faakstelde fragen

Besjoch alle faakstelde fragen (Nederlânsk)